Kramer docht net mei yn Thialf: ''It wie in dreech beslút''

02 des 2016 - 08:14
Foto: ANP

Sven Kramer docht takom wike net mei oan de wrâldbekerwedstriden yn Thialf op it Hearrenfean. Dat skriuwt er freed yn syn kolumn yn de Telegraaf. Mei it each op de NK ôfstannen ein dizze moanne en koart dêrnei de EK Allround, jout Kramer de foarkar oan in trainingskamp yn it Italiaanske Collalbo. Hy neamt it in dreech en emosjoneel beslút om net foar eigen publyk te riden.

Makkest ôfwagings

''Ik hie hiel graach yn it nije Thialf ride wollen, mar úteinlik makkest as topsporter altyd rasjonele ôfwagings en sjochst nei wat it bêste is foar dysels'', seit Kramer. ''Ein desimber moat ik gewoan top wêze. Punt. En dat kin allinnich as der no noch even in pear wiken goed traind wurdt. Ik sil fêst krityk krije op it beslút dat myn coach Jac Orie en ik nommen hawwe, mar fansels hoopje ik ek op begryp. Ik mar ien liif en dat besef ik donders goed.'' 

Ferkearde kar

Kramer jout oan dat er yn it ferline wolris in ferkearde kar makke hat om optimaal taret oan de start fan de wichtige toernoaien te ferskinen. ''Dit seizoen giet it tige goed en dat wol ik koesterje en fêsthâlde, sadat ik daliks superfit oan de start fan de toernoaien stean en letter ek superfit oan it olympysk seizoen begjinne kin. Uteinlik is dat yn it belang fan elkenien.''

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)