Plysje hellet betize frou út Van Harinxmakanaal

© ANP
De plysje hat tongersdeitenacht by de Van Harinxmabrêge yn Ljouwert in betize frou út it wetter helle. De 31-jierrige frou út de stêd stie ta har boarst yn it wetter en koe net selsstannich op 'e wâl komme. Ien fan de plysjes hat de frou út it Van Harinxmakanaal helle.
De Ljouwerter wie ûnderkuolle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Nei behanneling is se oerdroegen oan in helpferlieningsynstânsje.