Krystbeam foar Twadde Keamer opnij út Kuinderbos

01 des 2016 - 23:02
Krystbeam - Foto: Omrop Fryslân

Dit jier komt de krystbeam fan Steatsboskbehear oan de Twadde Keamer opnij út it Kuinderbos. De organisaasje skinkt alle jierren in krystbeam oan de keamer yn Den Haag. Ferline jier kaam de beam ek út de bosk krekt oer de Fryske grins mei Flevolân.

Minsken kinne ek sels in beam út it Kuinderbos helje. Dat moat wol dien wurde ûnder begelieding fan in boskwachter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)