"Sportiviteit op Fryske fuotbalfjilden op goed nivo"

De sportiviteit op de Fryske fuotbalfjilden leit op in goed nivo. Dat fynt de skiedsrjochtersferiening fan Noard- en West-Fryslân. "Ik denk dat het in het westen van het land minder is dan hier", fertelt foarsitter Johan Hazelhoff fan de feriening.
"Het is hier over het algemeen wel goed. Het valt mee qua moeilijkheden in het veld. Ons algemene beeld van Noord-Nederland is prima", sa seit Hazelhoff. Hy fernimt ek dat hieltyd mear klups dwaande binne mei de sportiviteit op de fjilden. "Verenigingen zijn ermee bezig en trainers ook."
Tongersdei kamen de skiedsrjochters byinoar op in gearkomste yn Ljouwert. Ynternasjonaal skiedsrjochter Serdar Gözübüyük fertelde dêr oer syn ûnderfiningen as liedsman yn it betelle fuotbal. Boppedat waard der in priis útrikt oan de sportyfste klup yn Noard- en West-Fryslân.
SC Skylge wûn dy fairplaypriis fan de yn totaal 95 ferieningen yn it gebiet. Twadde waard VIOD út Driezum en tredde vv Sint-Anne. Om de ranglist te meitsjen hie de skiedsrjochtersferiening gegevens opfrege fan fuotbalbûn KNVB oer it tal giele- en reade kaarten fan klups.
De top 10:
1. SC Skylge
2. VIOD
3. VV Sint-Anne
4. Be Quick Dokkum
5. VV NOK
6. VV Kollum
7. Oeverzwaluwen
8. VC Trynwâlden
9. VV Dronryp
10. VV De Wâlden