Basketballers Aris Ljouwert ferlieze mei 72-65 fan Leiden

01 des 2016 - 22:11
Aris - Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe tongersdeitejûn mei 72-65 ferlern fan en yn Leiden. Oant de rêst gongen beide ploegen aardich lyk op en joegen se gjin tombreed ta. De stân nei it earste kwart wie mei 16-15 mar krekt yn it foardiel fan ZZ Leiden. Nei it twadde kwart stie it 30-30.

Nei rêst pakte Leiden de foarsprong, trochdat Aris mar leafst acht frije wurpen miste. It tredde kwart waard dêrtroch ôfsletten mei 44-39 foar de thúsploech. Leiden wie ek de sterkste yn it fjirde kwart en gong dus mei de winst oan de haal.

Trefwurden: 
Aris Ljouwert basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)