FIDEO: Sint en Piten sitte mei pakjesboatsje fêst yn iis

01 des 2016 - 21:27

Fol ferwachting kloppen de hertsjes fan goed santich bern yn Bûtenpost wylst se op Sinteklaas en syn Piten stiene te wachtsjen. De goedhillichman en syn helpers soene mei in lytse pakjesboat nei it gemeentehûs fan Achtkarspelen om feest te fieren mei de bern fan gemeentepersoniel. Se hiene der lykwols gjin rekken mei hâlden dat it ferzen hie. Mei Sint en twa Piten yn it boatsje en in tredde dy't it mei in tou foarút lûke moast, kaam der gjin gong yn. It boatsje siet fêst yn it iis.

Gelokkich koe it iis úteinlik brutsen wurde mei de roeiriemen en de stêf fan Sinteklaas en gong it feest dochs noch troch. In filmke fan it avontuer stiet sûnt woansdei op Dumpert.nl en is yntusken al hast 145.000 kear besjoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)