File op A7 nei ûngelok by ôfslach Terwispel

01 des 2016 - 19:40
File (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

It ferkear op de A7 rjochting Grins hat tongersdeitejûn tusken It Hearrenfean en de ôfslach Terwispel bot lêst hân fan fertraging. Op de dyk barde in ûngelok en de ôfhanneling dêrfan duorre langer as ferwachte. It is noch net dúdlik hoefolle auto's dêrby belutsen wiene en oft der minsken ferwûne rekke binne. Der stie op in gegeven stuit sa'n 6 kilometer file.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Terwispel
(Advertinsje)
(Advertinsje)