Frou (92) brûkt kuierstôk om ynbrekker te ferjeien

01 des 2016 - 18:41

Net de Sint en Piet op it dak, mar in ynbrekker. It oerkaam in frou fan 92 jier út Ljouwert, mar sy kaam fuortendaliks yn aksje. Se siet tiisdeitejûn te puzeljen en op dat momint hearde se boppe leven. Om't se dochs noch wachte op it telefyzjeprogramma De Rijdende Rechter, pakte se har kuierstôk en gie mei de trepslift nei boppe. Doe't se de doar fan har sliepkeamer iepene, lei alles oer de grûn.

De doar fan it balkon stie noch iepen en om't de frou dêr wat hearde, stapte se der op ôf. Se seach hoe't in man mei swarte moffen him beethold oan de râne fan it balkon. De frou twivele gjin momint en woe de ynbrekker mei in kuierstôk te liif gean. "Ik wilde hem slaan. Sodemieter op, kreng! Maar ik was te laat, anders had ik hem met mijn stok op het hoofd geslagen."

De ynbrekker hat allinnich in reiskoffer mei ûnderguod, in toilettas en earbellen stellen. Dy hiene wol emosjonele wearde, want de frou hie se krigen fan har yntusken ferstoarne man. Al 60 jier wennet se yn itselde hûs en se hat noch nea soks meimakke. De earste nacht hat se dan ek mei de lampe oan slept. Echt bang is se net, al hopet se it nea wer mei te meitsjen.

In foarbygongster op in fyts hat tiisdeitejûn om healwei alven hinne sjoen hoe't de ynbrekker fia it balkon fuortdraafde. De plysje is noch op syk nei dizze tsjûge.

Trefwurden: 
wenningynbraak Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)