Feestband De Suskes útroppen ta populêrste band fan Nederlân

01 des 2016 - 16:35

De Fryske feestband De Suskes is woansdeitejûn troch in faksjuery útroppen ta populêrste band fan Nederlân by de Party Awards 2016 yn Raamsdonksveer. De Suskes bestiet út Sipke de Boer, Sytse Haima en Koos Keus.

De band hie it hielendal net ferwachte. "Ik hie in pear moannen lyn wol heard dat wy nominearre wiene, mar der wiene wol fjirtich bands nominearre, dus wy ha der net sa dwaande mei west", sa fertelt Sipke de Boer yn it radioprogramma De middei fan Fryslân.

"Doe waarden wy belle oft wy justerjûn ek in nûmer spilen woene by de Party Awards en wy tochten: dat moat altyd wêze. Dus wy derhinne en dêr kamen we derachter dat we echt sa'n ding wûn hiene", seit De Boer. "Wy wiene bot fernuvere."

Neffens De Boer ha sy de priis wûn omdat sy ien fan de pear bands binne dy't alles live docht en fanwege harren poadiumact ynspirearre op it stripfiguer Suske fan Suske en Wiske. De Suskes spilet de kommende tiid op ferskate plakken yn de provinsje en oer twa wiken komt de band yn it radioprogramma Noardewyn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)