It Bilt wol hurdriders oanpakke

© Omrop Fryslân
As it oan de gemeente It Bilt leit, binne der ynkoarten faker snelheidskontrôles op de Biltdiken. De gemeente wol dat graach omdat dêr noch altiten te hurd riden wurdt, ek al binne der maatregels naam om dat tsjin te gean.
Op de dyk is dúdlik te sjen wêr't je sechstich meie en wêr't de maksimum snelheid leger leit. De gemeente hat ek praat mei minsken dy't oan de dyk wenje, om te sjen wat der mei-elkoar dien wurde kin om it hurdriden oan te pakken.
Der binne plannen foar folders, foarljochting op skoalle en om bewenners sels hurdriders oan hâlde te litten om se der op oan te sprekken.