Rabobank iepenet kontaktpunt yn soarchsintrum Koudum

01 des 2016 - 14:28
Rabobank - Foto: ANP XTRA

Wensoarchsintrum De Finke yn Koudum krijt in kontaktpunt fan de Rabobank. In meiwurker fan de bank krijt dêr plak om minsken dy't der ferlet fan ha mei har deistige banksaken te helpen. It giet dan net allinne om minsken dy't yn De Finke wenje, alle klanten út de regio kinne der te plak.

De Rabobank slút syn kantoar yn Koudum ein dit jier. Soarchorganisaasje Patyna stelt dêrom romte beskikber yn De Finke. Der binne ek al sokke kontaktpunten yn oare soarchsintra yn de regio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)