Doarpskorporaasje Jirnsum: Mauritiustsjerke moat bliuwe

01 des 2016 - 14:11

De Vereniging Doarpskorporaasje Jirnsum stiet iepen foar in petear oer it behâld fan de Mauritiustsjerke yn it doarp. Dat seit Erik Pereboom fan de feriening. Neffens him is it foar Jirnsum fan belang dat de tsjerke bliuwt. Mar as der foar 1 jannewaris 2019 gjin keaper is, wurdt de tsjerke sloopt.

De korporaasje is noch net benadere, mar wol wol helpe. "In het belang van het dorp staan we open voor een gesprek. Dat is ook waarom de corporatie is opgericht, om de leefbaarheid van het dorp te behouden", seit Pereboom.

Kommersjele funksje

Pereboom seit dat Jirnsum gjin ferlet hat fan in moetingsromte. Mooglik kin de tsjerke in kommersjele funksje krije. Hy hopet dat der mear ynwenners binne dy't meitinke wolle oer in nije bestimming fan de tsjerke. Pereboom wiist der wol op dat de kosten foar it ûnderhâld in probleem binne.

De Mauritiustsjerke wurdt al seis jier net mear brûkt en fertutearzet. It bestjoer fan de eardere Nederlânsk Herfoarme tsjerke wit net hoe't it fierder moat. Der is gjin jild foar ûnderhâld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)