Wyldkamera yn Ljouwerter Bosk fernield

01 des 2016 - 13:56
  • Wyldkamera yn bosk fernield
  • Amateur-biolooch Hendrik Koster oer de fernielde kamera's

In wyldkamera yn it Ljouwerter Bosk is mei opsetsin fernield. De kamera is ien fan de 20 observaasjekamera's dy't brûkt wurdt om de wyldstân yn it bosk by te hâlden. Behearder Hendrik Koster tinkt dat streupers de kamera mooglik ferrinnewearre ha. Fandalisme troch jongerein leit neffens him net foar de hân, om't de kamera goed kamûflearre is en net tichtby de paden hinget.

Woansdeitejûn kaam Koster op syn wyklikse ynspeksjeronde de skansearre kamera tsjin. Hoewol't de kamera noch hinget is it geheugenkaartsje der út helle.

De wyldkamera hinget sûnt 2013 yn it bosk en jout in soad ynformaasje oer de fûgelstân. Ek murden en foksen stean op de bylden. Meardere ûndersikers meitsje gebrûk fan de gegevens.

(advertinsje)