Eksposysje mei neakene studintes yn de NHL

01 des 2016 - 13:53

In bysûnder tafriel woansdei yn de NHL. Fjouwer studintes fan de oplieding Dosint Teater stiene dêr yn bleate boarsten en mei in swarte kap oer de holle opsteld. It wie foar harren eigen 'yntervinsjeteäter' InOurSkin.

Mei de neakene eksposysje wolle sy it taboe fan froulik bleat besprekber meitsje. "De regels omtrent vrouwelijk bloot moeten worden doorbroken! Als mannen een shirt uittrekken is dat ok, maar als vrouwen halfnaakt zijn is het erotisch of pornografisch. Dat klopt niet", sizze inisjatyfnimmers Hannah Pater en Lotte Oosting.

Taboe en keunst

Neffens Pater is der yn ús maatskippij in ferskil tusken hoe't nei manljus- en frouljuslichamen sjoen wurdt. Yn dizze eksposysje binne taboe en keunst útljochte. Pater fynt dat der gjin ferskil wêze moatte soe tusken hoe't der nei manlik en froulik bleat sjoen wurdt. "Wat voor mannen normaal is, zou voor vrouwen ook normaal moeten zijn." Dêrom de bleate boarsten. Dizze teatrale eksposysje wol de taskôger hjiroer oan it tinken sette.

De swarte kap dy't de studintes oer de holle hawwe, moat útdrage dat sy foar dé frou stean. De anonimiteit lit sjen dat it net om harren persoanlik giet, mar oer alle froulju. Dêrneist wolle de studintes út feilichheidsredenen net herkenber wêze.

Positive reaksjes

Njonken de studintes stie in buordsje mei in prikeljende tekst wêr't sy spesifyk omtinken foar freegje. De reaksjes op de eksposysje binne foaral posityf, seit Pater. "We hebben de expositie eerst getest binnen onze eigen opleiding. De medestudenten waren enthousiast, dus zijn we ermee doorgegaan. De reacties van toeschouwers in de NHL waren ook positief. Bezoekers stonden stil bij onze expositie en praatten over wat ze zagen. Dat was precies de bedoeling."

Verzuren

De fjouwer hawwe sa'n twa oeren opsteld stien en dat wie net neat. "Naast de mentale voorbereiding, was het fysieke aspect ook zwaar. Omdat we steeds in dezelfde houding stonden, begonnen we wel te verzuren." Mar it iepenbrekken fan dizze diskusje is dat wol wurdich, fynt Hannah Pater.

InOurSkin krijt in ferfolch as it oan de studintes leit. Wannear en wêr dat barre sil, dat is noch in ferrassing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)