Heit Vaatstra hat wer hoop

21 maaie 2012 - 12:14

By Bauke Vaatstra is it betrouwen groeid dat de moardner fan syn dochter Marianne ea fûn wurdt. Nei de útstjoering fan Peter R. de Vries kamen snein al sechstjin tips binnen. Nei yngeand ûndersyk fan it 3D-team hâldt de plysje der serieus rekken mei dat de moardner in bekende wie fan Marianne.

Foar heit Bauke Vaatstra wie de útstjoering in pynlyk, mar ek needsaaklik barren om de moardner fan syn dochter te finen. In fjoeroanstekker yn har taske mei in hier derop jou nije oanknopingspunten. De dieder moat socht wurde yn de omkriten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)