Jagers binne bliid mei ekstra mooglikheden yn foksejacht

01 des 2016 - 12:36

Fryske jagers binne bliid mei de twa moanne ekstra en it gruttere gebiet wêryn't se op de foks jeie meie. De provinsje hat hjirfoar in ûntheffing ferliend. It betsjut dat jagers fan tongersdei ôf nachts mei help fan in ljochtbak op foksen jeie meie, oant 1 july.

Dat is tastien yn de greidefûgelgebieten en bedoeld om krekt dy greidefûgels te beskermjen tsjin de foks.

"Ien oer tolven"

Jager Sape Dijkstra, foarsitter fan de wyldbehearsienheid It Bûtenfjild, stiet al klear om it fjild yn te gean. "It is ien minút foar tolven, miskien al wol ien minút oer tolven foar de greidefûgels."

Dijkstra seit it frustrearjend te finen dat benammen foksen der dochs yn slagje greidefûgels te pakken. "Dan stekke we miljoenen yn it beskermjen fan de fûgels en wurdt yn ien nacht dochs noch in gebiet leechrôve."

Allinnich al dêrom is er bliid mei de twa moannen ekstra dy't de jagers no krije. "Dan kinne we de foksen better bestride. En dat ús jachtgebiet grutter wurden is, is ek winst."

(Advertinsje)
(Advertinsje)