Dokkumers kinne tenei net mear fytsend oer de brêge

01 des 2016 - 11:06
Foto: Gemeente Dongeradiel

De brêge oer de Súd Ie by de Reigersstrjitte yn Dokkum wurdt ferfongen troch in heger eksimplaar mei in trep en in steilere helling. De brêge krijt in trochfarhichte fan 2,5 meter. De besteande brêge soe ferdwine, mar ynwenners woene him hâlde. Dêrop hat it kolleezje trije farianten foar in nije brêge foarlein oan de omwenners.

Boargemaster en wethâlders hawwe no keazen foar in brêge mei hellingen fan 20 persint. Dat is te steil om oerhinne te fytsen. Rinne kin wol. De nije brêge komt oant de eastkant fan de besteande brêge.

Trefwurden: 
Dokkum brêge Súd Ie
(Advertinsje)
(Advertinsje)