Saak-Vaatstra: 60 nije tips

21 maaie 2012 - 11:33

By it iepenbier ministearje yn Ljouwert binne oant no ta 35 tips binnenkaam oer de moard op Marianne Vaatstra. Snein wie der in útstjoering fan Peter R. de Vries oer de moard. De Vries sels hat ek noch 25 tips krigen.

Nei yngeand ûndersyk fan it saneamde 3D-team hâldt de plysje der serieus rekken mei dat de moardner in bekende fan Marianne wie. Neffens de plysje sitte der hiel brûkbere tips by.

(Advertinsje)
(Advertinsje)