Fontein by Coopersburg krijt ûnderbou werom

Yn Akkrum wurdt tongersdeitemoarn de ûnderbou fan de restaurearre fontein yn it park by ferpleechhûs Coopersburg werombrocht. De fontein is in belangryk ûnderdiel fan Coopersburg dat begjin 1900 boud waard yn opdracht fan Akkrumer Folkert Kuipers dy't nei Amearika ferfear en in suksesfol sakeman waard.
Doe't er, op besite yn Akkrum, de earmoede fan guon âlde Akkrumers seach, hat er Coopersburg bouwe litten. De earme âlde minsken mochten dêr fergees wenje, se krigen fergees brânje en ek noch in romme finansjele talage.
Yn de fiver foar Coopersburg stiet al sûnt de iepening yn 1901 in fontein.