Kollum: "Foarljochting"

01 des 2016 - 08:42

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"Goeiemoarn! Wy as sjoernalisten ha ek mar nuver wurk. Ast sjochst mei it ferskaat oan ûnderwerpen dêr’t we mei dwaande binne, dan dûzelet it je wol ris.

Sa wie ik juster ynienen drok mei foarljochting. Seksuele foarljochting, om presys te wêzen. We dûke foar de HUMAN yn de histoarje dêrfan, en sa learde ik dat bern yn ‘e midsiuwen op in hiel natuerlike manier learden oer seks. Dat klinkt neutraal en posityf, mar ik wit net oft dat sa is. Hiele húshâldingen libben en slepten yn ien en deselde romte, en dus, sa sei in histoarikus, krigen bern alles mei: berte en dea, sykte en ek seks.

Letter kamen der aparte sliepkeamers foar bern, en waarden bern ek mear sjoen as bern, ik bedoel: oars as folwoeksenen. Dat sjogge we ek werom yn it rjocht: sûnt 1990 ha we mei de VN it ‘Verdrag inzake de rechten van het kind’.

Mar troch dy ûntwikkelingen, ûntstie ek de seksuele foarljochting. Ynienen wie it nedich. Foarljochting giet altyd oer gefaar, en dat is by seks fansels net oars. It is leuk, en frijwol elkenien docht it, mar it kin gjin kwea om der wat fan ôf te witten foardat je der oan begjinne.

En dat gefaar giet oer swangerskippen fansels, en oer seksueel oerdraachbere sykten, mar it giet ek oer seksueel misbrûk. En feitlik kin it gjin kwea om it dêr al op jonge leeftiid mei bern oer te hawwen.

Ferrekte yngewikkeld liket my dat. Mar goed, âlden meitsje wol mear ferrekte yngewikkelde dingen mei, mei harren bern. Mar, we moatte der oer prate. Dat it nedich is, bliek dit wykein mar wer ris.

Chris Unsworth says he was raped betwee fifty and a hundred times by [voormalig coach Barry] Bennell at Manchester City and Crewe [Alexandra] youth teams. He didn’t tell a single person about the abuse for over a thirty years. - BBC’s Victoria Derbyshire

Dit wie it nijs út Ingelân fan ôfrûne wykein. Seis fuotballers, wêrûnder inkelde profs, fertelden dat se misbrûkt binne op jeugdôfdielingen, fan bygelyks de klup Manchester City.

As you would expect, our conversation is going to be frank, is going to be open, and it will cover details about sexual abuse. - BBC’s Victoria Derbyshire

Dêrnei kaam hurdfytster Marijn de Vries mei har ferhaal, yn Trouw en by Nieuwsuur…

Je ligt in principe in je onderbroek op de massagetafel. Er hoeft niet bij je schaamstreek gekomen te worden bij een massage. [Er was een] Die mij dan toch zogenaamd per ongeluk mij daar aanraakte. En aanvankelijk denk je dan: ‘voel ik dat nou echt, doet hij dat nou echt?’ - Marijn de Vries yn Nieuwsuur

Marijn wie yn ‘e tritich doe’t dit barde. Bij EénVandaag fertelde in reedrider dat hy it dêr ek meimakke hat.

It is it safolste. We ha de katolike tsjerke hân, de swimlearaar út Limboarch, de hockeycoach, de tv-presintator fan de BBC… neam it mar op. Faak heftige ferhalen, dêr’t minsken harren foar skamje en jierrenlang net oer prate kinne.

De sportclub geeft zoveel gelegenheid tot seksueel contact of in ieder geval intiem contact met jongeren - psycholooch Jules Mulder

De Ingelske fuotballers sizze: ik woe sa graach fuotbalje, ik die it gewoan. En dy redenaasje die my efkes tinken oan myn eigen jeugd.

Doe’t ik fjirtjin wie, hat der in gymlearaar west dy’t tsjin my sei: “Wat een mooie benen heb jij”. Neat oan ‘e hân fierder, der is neat bard. Mar wat ik noch hiel goed wit, is dat ik my fereard fielde, dat er dat tsjin my sei. Foar in ûnwisse jonge puber is in komplimint hiel fijn. En op donkere mominten tink ik wolris: de folgjende stap wie doe miskien net sa grut west.

Der is by my neat bard, en fansels: myn ferhaal is neat by wat der yn Ingelân nei bûten komt. Mar dit meganisme is wat om te ûnthâlden. Hoe kwetsber oft bern guontiden binne, en âlderen trouwens ek.

"Wat er nog steeds moeilijk gebeurt, is het ter sprake te krijgen binnen de vereniging. Dus veel verenigingen hebben het idee: bij ons zal dat niet gebeuren."

Ik kom der net út, hoe’t it moat mei foarljochting. Want seks allinnich mar presintearje as gefaarlik slacht nergens op, en makket it taboe allinnich mar slimmer. Wat yn myn eagen al in soad helpe soe, is dat we der gewoan oer prate kinne. Ik bin der net sa goed yn."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)