Kontrôle op autodesibels

21 maaie 2012 - 11:23
Foto: Omrop Fryslân

Fiif auto's binne sneintejûn meinaam nei it plysjeburo yn St. Anne nei in kontrôle mei in lûdsmjitter. Fjouwer bestjoerders krigen úteinlik in proses-ferbaal foar it skeinen fan de lûdsnoarm. Trije fan de fjouwer auto's makken sa'n soad leven mei de útlit dat it kentekenbewiis ynnaam is. De auto's moatte hersteld wurde. Se meie pas wer ride nei't se opnij keurd binne troch de RDW.

As in auto 4 desibel tefolle makket, wurdt it kentekenbewiis yn beslach naam. Ien fan de auto's produsearre 106 db dêr't 95 tastien is.

Trefwurden: 
muzyk auto
(Advertinsje)
(Advertinsje)