"Dizze winter krije we snie en natueriis"

01 des 2016 - 07:41

De temperatuer is dizze winter normaal oant te kâld. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn definitive winterfoarsizzing. Neffens him krije we mear winter as de ôfrûne jierren, mei ien of meardere kearen in pak snie.

De earste snie kinne we dizze moanne al ferwachtsje. De kâns dat we op natueriis ride kinne, is neffens Piet Paulusma frij grut. Mooglik giet it om in langere perioade. Fierder kinne we dizze winter neffens Piet alles ferwachtsje; fan stoarm, snie en mist oant myld waar mei hegere temperatueren.

Der sil faak oerlêst wêze foar it ferkear, warskôget Piet fierder noch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)