Nije fleugel Sint Anthony Gasthuis hjit Jellama

30 nov 2016 - 23:17

De nije fleugel fan it Sint Anthony Gasthuis yn Ljouwert hat de namme Jellama krigen. Dat is woansdei bekend makke. De namme ferwiist nei Vtkia Jellama dy't yn 1430 it Gasthûs in skinking die fan 'een halve stede' mei in tsjerke derop, oan de hjoeddeistige Grote Kerkstraat.

It Sint Anthony Gasthuis is al in oantal jierren dwaande mei renovaasje fan it gebou oan de Groeneweg/ Schoenmakersperk yn Ljouwert.

Yn de nije fleugel sitte ûnder oaren in rekreaasjeseal, biljertkeamer, kapper, fitnessromte en in keuken dêr't bewenners sels gebrûk fan meitsje kinne. Op de earste en twadde etaazje sitte apparteminten. Ek is der in parkearkelder kaam.

De renovaasje fan it Gasthûs is no healwei. Oer in jier moat it folslein klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)