Tydlike OK's yn Sionsberg

21 maaie 2012 - 11:15

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum krijt tydlike operaasjekeamers. Dy binne nedich omdat de besteande operaasjekeamers ferâldere binne en ferfongen wurde moatte. Dat wurk duorret sawat twa jier.

Yn dy tiid wurdt operearre yn tydlike romtes. Dy wurde fan 'e wike nei it sikehûs riden. Dat wurd nachts dien om de oerlêst foar it oare ferkear sa lyts mooglik te hâlden. De pleatsing hat gjin gefolgen foar al plande operaasjes. Dy gean gewoan troch.

Trefwurden: 
De Sionsberg
(Advertinsje)
(Advertinsje)