Auto bedarret yn de sleat by Kimswert, ien persoan ferwûne

Op de Greate Pierwei yn Kimswert is woansdeitejûn in persoan ferwûne rekke. De auto kaam troch noch ûnbekende oarsaak njonken de dyk telâne en bedarre yn de sleat. De bestjoerder rekke beknipe en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.
It slachtoffer is mei noch ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De dyk hat fanwegen it ûngelok in skoft ôfsletten west.