Wurdt weve wer hip yn Fryslân?

30 nov 2016 - 22:55

Weve moat populêrder wurde yn Fryslân. Dat fine de leden fan it Weefcollectief Fryslân. Breidzje en heakje, dát wurdt al hieltiten mear dien, ek troch jongeren, mar it ambachtlik weve bliuwt noch achter. It Weefcollectief Fryslân hat in eigen weverij yn Easterwâlde mei sa'n tweintich leden, mar dat kinne der noch folle mear wurde, sa seit Jolanda Schotanus fan de weefklup.

Sy binne dêrom in projekt start mei as doel om in Kennis- en Innovatiecentrum Ambachtelijk Weven te wurden om it weven oan te priizgjen yn Fryslân.

Sels besykje

It wachtsjen is no noch op in subsydzje fanút it Fonds Ooststellingwerf om dit te realisearjen. It soe neffens Schotanus spitich wêze as it weven ferlern giet of ferjitten wurdt. It weven moatte je echt ris besykje, en dat kin net troch te sjen nei allinnich in Youtube-fideo, sa tinkt Schotanus. Sa soe it weven neffens har ek yn de takomst yn stân bliuwe kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)