Petysje foar behâld stadion op it Cambuurplein

30 nov 2016 - 22:34
It stadion fan SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de supporters fan Cambuur is op ynternet in petysje begûn om it stadion fan de klup op it Cambuurplein yn Ljouwert te hâlden. Neffens de supporter libbet dit bot ûnder de supporters. Dêrom hat er it inisjatyf nommen om hantekeningen te sammeljen. Hy wol de gemeente Ljouwert derfan oertsjûgje dat Cambuur thúsheart yn in folkswyk. De petysje is oant no ta troch noch net ien ûndertekene.

Tiisdei waard bekend dat in nij stadion fan de fuotbalklup definityf nei de lokaasje by it WTC giet. Nijbou op it Cambuurplein is net helber, sa blykt út ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)