'Suggestje Peter R. net nij'

21 maaie 2012 - 10:51
Marianne Vaatstra

It idee dat Marianne Vaatstra nei alle gedachten troch in bekende om it libben brocht is, is net nij. Rezjerzjeurs út it earste ûndersyksteam hâlden ek al rekken mei dat senario. Dêrom pleiten se doe ek al foar in grutskalich DNA-undersyk yn de omkriten. Marianne Vaatstra út De Westereen waard yn 1999 dea fûn yn in stik greide by Feankleaster. Se wie mei geweld om it libben brocht.

It televyzjeprogramma fan misdieferslachjouwer Peter R. de Vries gie snein oer de saak. In oanstekker mei in hier soe reden wêze foar in grut DNA-ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)