Fytsklûs iepenje mei de smartphone? It kin yn Holwert

30 nov 2016 - 22:22
Fytsklûzen

Reizgers dy't gebrûk meitsje fan de bushalte oan de provinsjale dyk yn Holwert, kinne fan freed ôf de fyts feilich stalle. By de halte komme fytsklûzen te stean dy't iepene en reservearre wurde kinne mei de smartphone.

De nije klûzen binne in proef en in primeur yn Nederlân. De bedoeling is dat in jier lang besjoen wurdt oft it foldocht. Der komme acht klûzen te stean. Brûkers kinne ek harren elektryske fyts oplade yn de fytsklûs.

Trefwurden: 
fytsklûzen Holwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)