Mauritiustsjerke Jirnsum wurdt mooglik sloopt

30 nov 2016 - 22:00

De Mauritiustsjerke yn Jirnsum wurdt sloopt as der foar 1 jannewaris 2019 gjin keaper komt. De tsjerke soe ferkocht wurde, mar de keaper is op it lêste momint ôfheakke. Omwenners wiene net bliid mei syn plannen om der in groepsakkommodaasje fan te meitsjen.

It bestjoer fan de eardere Nederlânsk Herfoarme tsjerke wit net hoe't it no fierder moat. Der is gjin jild foar ûnderhâld en op it stuit fertutearzet it gebou rap. Mooglik hat de Doarpskorporaasje fan Jirnsum belangstelling, mar oars wurdt der in sloopfergunning oanfrege.

Gjin Ryksmonumint

De stichting Alde Fryske Tsjerken sjocht noch wol mooglikheden foar it behâld fan de tsjerke. Gewoanwei moat in tsjerke in Ryksmonumint wêze om it oer nimme te kinnen. Dat is dizze tsjerke net. Dochs seit direkteur Gerhard Bakker dat as der genôch jild op it kleed komt foar it opknappen en ûnderhâlden fan de tsjerke, der te praten is.

Bakker soe it bysûnder spitich fine as it gebou sloopt wurdt. It is in markant gebou mei bysûnder stúkwurk. Yn it ferline hat it ek op de nominaasje stien om Ryksmonumint te wurden. De grifformearde tsjerke yn Marrum wie yn it jier 2000 de lêste Fryske tsjerke dy't sloopt is.

Trefwurden: 
Mauritiustsjerke Jirnsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)