NHL wint priis mei tûke drone

30 nov 2016 - 21:48

It opspoaren fan brânkearnen, ûndersyk dwaan nei sykten yn de lânbou of it meitsjen fan in skou fan sleatten. In tûke drone dy't ûntwikkele is troch studinten fan de NHL hegeskoalle yn Ljouwert kin it allegearre. Se ha dêrmei de RAAK-award 2016 wûn. De priis set goed praktykstjoerd ûndersyk yn de skynwerpers.

De drone fan de NHL die mei njoggen oare projekten fan ferskate hegeskoallen yn Nederlân mei oan de kompetysje. Mei de gegevens wêrmei't de automatysk fleanende drone weromkomt kinne kosten besparre wurde, kin kwaliteit fan produkten ferhege wurde en kin de feilichheid ferbettere wurde.

Trefwurden: 
NHL drone
(advertinsje)