Jier selstraf easke foar kopskoppen yn Ljouwert

30 nov 2016 - 21:10
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

Tsjin in 19-jierrige ynwenner út Tytsjerksteradiel is foar de rjochtbank yn Ljouwert in jier finzenisstraf easke en in jier ûnder betingst. De man soe ein augustus op it Saailân yn Ljouwert in 22-jierrige Ljouwerter tsjin de holle skopt ha. Fiif tsjûgen ferklearren dat de man it slachtoffer hurd tsjin de holle trape wylst er op 'e grûn lei. It seach der út as of ien in fuotbal oer 40 meter fuort traapje woe, sa sei ien fan de tsjûgen.

De Ljouwerter hâlde in brutsen noas op twa plakken, in brutsen jokbonke en brutsen eachkas oan de mishanneling oer. De man út Tytsjerksteradiel is earder ek al feroardiele foar mishanneling. De rjochter docht oer twa wiken útspraak. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)