Drokte by earste ynfomerk oer sneltrein Ljouwert-Grins

30 nov 2016 - 20:33

In soad minsken wolle witte hoe't it komt mei de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins. Woansdei wie yn Ljouwert de earste ynformaasjemerk, organisearre troch de provinsje en ProRail. Mear as 50 minsken kamen der op ôf. Dat wiene der mear as de organisaasje tocht hie.

Minsken koene dêr fragen stelle oan de belutsen partijen oer de ekstra sneltrein en de konsekwinsjes dêrfan. Neffens de plannen moat der yn 2018 begûn wurde mei al de feroaringen op it trajekt.

Flugger

Fan 2020 ôf rydt der dan in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins. Dêrfoar wurde ûnder oaren de perrons ferlinge. Tusken Ljouwert en Feanwâlden sille de treinen boppedat flugger riden gean. No is de snelheid 100 kilometer yn de oere en dat wurdt 130 kilometer yn de oere.

Achter de Hoven

Reizgers kinne dan ek net mear opstappe by stasjon Ljouwert Achter de Hoven, dy halte ferfalt. De ekstra sneltrein sil ek jûns ride. No rydt der jûns allinne noch ien stoptrein yn de oere, mar dêr komt dus ek in sneltrein by.

Ek tongersdei (Hurdegaryp), tiisdei (Feanwâlden) en woansdei (Bûtenpost) binne der noch mear ynformaasjemerken oer de ekstra sneltrein.

Trefwurden: 
trein Ljouwert sneltrein
(Advertinsje)
(Advertinsje)