Sjirurch en psychiater dogge boekje iepen oer harren wurk

30 nov 2016 - 18:58

Sjirurch Martijn Möllers fan sikehûs Nij Smellinghe en psychiater Remco Dijkstra van GGZ Fryslân ha tegearre in boek skreaun. Sûnt woansdei leit it yn de winkels. It boek is in samling fan de bêste kollums dy't se skreaun ha foar it Frysk Deiblêd. Yn de teksten diele se har ideeën en opfettingen oer medyske saken.

It boek is bysûnder omdat de auteurs op it earste gesicht twa folslein ferskate spesjalismen ha, mar de mannen sjogge sels júst in soad oerienkomsten. It boek 'Hart en Ziel' ferskynt earst yn in oplage fan 1000 stiks.

(Advertinsje)
(Advertinsje)