Eks-man wol útnaaie oer dak

Plysje © ANP XTRA
In 34-jierrige Ljouwerter is sneintemiddei oanhâlden om't er net út de wente fan syn eks-frou weigean woe. Doe't de plysje by de wenning oankaam, besocht er dochs mar út te naaien. De Ljouwerter besocht dêrby op in hokje te klimmen. De plysje koene dat ferhinderje en hâlde him oan.
De man moast mei nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er ek noch socht waard foar ynbraak by in bedriuw. Hy is foar neier ûndersyk ynsletten.