Duinen Zathe hat nije achtbaan kocht

30 nov 2016 - 17:28

Pretpark Duinen Zathe yn Appelskea hat in nije achtbaan kocht. It giet om de London City Coaster dy't oernaam is fan kermiseksploitant Buwalda út Ljouwert. Eigener Jeroen Kolhoff wie al in skoft op syk nei in geskikte achtbaan foar syn park. Dit eksimplaar is bedoeld foar bern fan 6 jier ôf. Begjin takom jier wurdt de baan yn Appelskea ôflevere en sil dy opboud wurde.

Op dit stuit wurdt yn Duinen Zathe ek hurd wurke oan de oanlis fan it nije ferkearspark. De âlde ferkearstoer fan it ferneamde park yn Assen stiet al te plak.

Neffens Kolhoff wurde de kommende tiid noch mear nije attraksjes oankocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)