Studinten reizgje troch Europa op syk nei gelok

30 nov 2016 - 16:11

Twa wiken lyn gienen fjouwer twaddejiers studinten fan de NHL op reis. Se reizgje troch Europa op syk nei in antwurd op de fraach: wat is gelok? Se filmje trije wiken lang alles wat se tsjinkomme en sille der in dokumintêre oer meitsje. Se binne no yn Switserlân.

"It giet goed" fertelt Auke Zijlstra fan Surhuzum. Hy makket diel út fan it team The happiness collection dat de reis makket. De studinten begjinne meikoarten mei de montaazje fan de film. Dy wurdt 13 jannewaris fertoand yn Slieker yn Ljouwert.

Wurdearje watst hast

"We ha al in soad mei minsken op strjitte praat en filme. Ien kear praten we mei in dakleaze. Dy sei dat alle minsken gelyk binne en dat we iepen stean moatte foar elkoar. Oan de ein hat er mei ús allen oan it bidden west, dat wie wol bysûnder. Minsken jouwe ferskillende antwurden, mar it komt del op dat minsken gelok fine yn leuke dingen dwaan mei oaren dêr't se fan hâlde. Persoanlik kom ik derachter datst wurdearje moatst watst hast."

Trefwurden: 
NHL gelok
(advertinsje)
(advertinsje)