BUOG krijt Fryske Anjer 2016

30 nov 2016 - 16:40

BUOG hat woansdei de Fryske Anjer 2016 fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân krigen. De 'Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen' krije de ûnderskieding om't se ferrassend en fernijend binne. Boppedat lizze se yn orizjinele teaterproduksjes in ferbining tusken profesjonals, amateurs en de pleatslike befolking. De priis is útrikt troch kommissaris fan de Kening Joan Leemhuis.

De priis bestiet út in spjelde ûntwurpen troch Theo van Halsema, in oarkonde en in bedrach fan 2.500 euro.

Spektakel

BUOG is oprjochte yn 2002 troch Pieter Stellingwerf en Kees Botman. Se betochten en produsearren yn dat jier de iepenings- en slotfoarstelling foar ‘Friesland Vaart’. Ek soargen se in pear kear foar kulturele ynfolling by de Slachtemaraton. Yn 2013 makken se 'Leeghwater', in drive in teaterspektakel mei Bert Visscher midden op de Ofslútdyk. Neist teaterproduksjes meitsje se ek films, dokumintêres, ynteraktive tentoanstellingen en eveneminten dêr't de belibbing in grutte rol yn spilet.

Priiswinners

Eardere priiswinners fan de Fryske Anjer binne ûnder oare Rients Gratama, Oerolfestival, Iepenloftspul Jorwert, Frysk Fanfare Orkest, Thom Mercuur, Tichelaar út Makkum, Jos Thie, Baukje Wytsma, keramykmuseum Princessehof, Hindrik van der Meer, Elske DeWall, Bouke Oldenhof, Tsjêbbe Hettinga (postúm), Open Stal yn Aldeberkeap en it Frysk Jeugd Orkest.

 

Trefwurden: 
BUOG Fryske Anjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)