Fryske studint knapt fertutearze hûs yn Detroit op

30 nov 2016 - 15:33

Dominik Lukkes fan Weidum studearret arsjitektuer yn Delft. Mei twa oare studinten is er dwaande mei it projekt 'the motown movement'. Se hawwe yn it Amerikaanske Detroit in âld en fertutearze hûs kocht en wolle dat op duorsume wize opknappe. De studinten ha har stúdzje in jier stillein om mei dit projekt dwaande te wêzen. Yn april begjinne se mei de bou en se hoopje dat it ein juny klear is.

"It binne eins twa huzen, der binne twa foardoarren" fertelt Dominik Lukkes. "We wolle graach dat boppe in gesin te wenjen komt dat út har hûs set is. En ûnder komt dan in ynformaasjesintrum dêr't lêzingen en workshops jûn wurde oer ienfâldige techniken om in wenning duorsumer te meitsjen."

Duorsum wenje

Detroit is in âlde yndustrystêd, mar dêr is net folle mear fan oer. In soad minsken binne út de stêd wei lutsen en dêrtroch steane in soad âlde huzen leech. De huzen binne goedkeap en de minsken dy't der noch wenje, dogge dat yn âlde, min isolearre huzen. Se ha dêrom noch hege enerzjykosten, wylst de measte minsken net folle jild hawwe. De studinten wolle kennis oer duorsum wenjen oerbringe en hoe't soks konkreet oanpakt wurde kin.

Sponsor

Se ha it hûs ûnderwilens kocht en binne krekt werom nei't se in moanne yn Detroit west ha. Dêr ha se foaral praat mei sponsoaren, lykas bedriuwen dy't isolaasjematerjaal leverje wolle. Se tinke dat it mei elkoar 120.000 dollar kostje sil. Se hawwe al sa'n 50.000 dollar oan boumaterialen krigen. Yn Nederlân is 15.000 binnen helle oan crowdfunding. Boppedat binne yn Amearika noch wat fûnsen oanskreaun, dêr is it wachtsjen noch op.

 

(Advertinsje)
(Advertinsje)