Ek takom jier sjek foar húshâldlike help

30 nov 2016 - 15:17
Foto: Omrop Fryslân

Ynwenners fan Littenseradiel en Súdwest-Fryslân kinne takom jier opnij gebrûk meitsje fan de saneamde himmelsjek. In sjek kostet 5 euro. Dêrfoar krije jo dan ien oere húshâldlike help werom.

De himmelsjek waard yn 2015 ynfierd, neidat troch it nije belied fan de ryksoerheid in soad minsken har húshâldlike help kwytrekken. Yn it earst jier waarden der 3916 himmelsjeks oanfrege, dit jier is dat tanommen nei 10.997.

Goeie ûntjouwing

Ek mantelsoargers (minsken dy't frijwillich de soarch foar har neisten dogge) kinne de himmelsjek oanfreegje. Dat bart ek hieltyd faker. Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân fynt dat in goeie ûntjouwing. Sy fynt it wichtich dat sy minder tiid yn de húshâlding hoege te stekken en dan mear tiid foar de soarch oerhâlde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)