Jonge Fryske teaterkollektiven presintearje har yn Drachten

30 nov 2016 - 15:02

Fiif jonge Fryske teaterkollektiven presintearje har tongersdei yn De Lawei yn Drachten mei in nije foarstelling. Under de namme 'Stormram!' wolle se it poadium feroverje. Der is neffens har in protte jong talint yn Fryslân, mar it is dreech om namme te meitsjen en as teatermakker jo brea te fertsjinjen.

Mei stipe fan Tryater krije de teatergroepen de kâns om yn Drachten in foarstelling te dwaan. It binne de groepen Illustere figuren, Skoft & Skiep, Willie Darktrousers, Homsk en Hilbrandt. Har bân mei Fryslân ha se mienkiplik.

Yn Fryslân Hjoed prate teatermakkers Aukje Schaafsma fan Skoft & Skiep en Raymond Muller fan Illustere Figuren der woansdei oer.

Trefwurden: 
Teater Stormram Lawei Tryater
(Advertinsje)
(Advertinsje)