Hierders Poort 20 yn Snits kinne langer om oare romte sykje

© Google Maps
Alle ferieningen en ynstellingen dy't gebrûk meitsje fan it gebou Poort 20 oan de Oude Koemarkt yn Snits krije oant de maitiid de tiid om in oar plak te sykjen. Dat hat de gemeente Súdwest-Fryslân bekendmakke. By ferskate ferieningen en klups wie ûnrêst ûntstien, omdat de gemeente op 1 jannewaris eigener wurdt fan Poort 20. De gemeente wol it gebou in oare ynfolling jaan. Foar in pear aktiviteiten is al oar plak fûn.
It koar De Hofkesjongers oefenet bygelyks tenei yn de Schuttersheuvel, de folksdûnsers geane nei De Eekmolen en inkele groepen fan de âldereingymnastyk ferhûzje nei it Atrium. Foar it jongereinwurk en it ytkafee is noch gjin oplossing fûn.
De oername fan Poort 20 fan Timpaan Welzijn troch Súdwest-Fryslân past by it nije belied fan de gemeente. De gemeente nimt alle fêste meiwurkers fan de gebietsteams yn tsjinst. Dêrby geane sa'n tweintich meiwurkers fan Timpaan oer nei Súdwest-Fryslân. It is de bedoeling dat de gearwurking tusken de oerbleaune meiwurkers fan Timpaan en gebietsteams fan de gemeente ferbettere wurdt. Dêrom moatte de meiwurkers yn itselde gebou sitte: Poort 20 oan de Oude Koemarkt yn Snits.