Tryntsje Nauta: "Fisueel spektakel fan showbands sprekt oan"

30 nov 2016 - 14:15

Fotografe Tryntsje Nauta reizget hiel Fryslân troch om leden fan alle Fryske showbands yn de provinsje op de foto te setten. Se is krekt begûn. "It falt my op dat korpsminsken hiel entûsjast binne, se libje foar de muzyk. Der giet echt in wrâld foar my iepen, showkorpsen binne oer de hiele wrâld te finen, sels yn Tailân, hearde ik lêsten. Ik hie dit idee al wat langer yn de holle, it is in fisueel spektakel. Elk korps hat syn eigen unifoarm, bygelyks blau-wyt of read-swart en dêr sit in hiele skiednis achter. Dat fyn ik nijsgjirrich."

Ferklaaie

"It leafst meitsje ik in portret fan ien lid fan in korps yn de studio, dat ien muzikant útljochte wurdt. De ferskillen fyn ik moai, dat aspekt fan ferklaaie sprekt my ek oan. It is krekt of wurdst in oar persoan ast de gewoane klean útdochst en it unifoarm oanlûkst. Mar mei syn allen wurdst dan wer ien yn sa'n korps" fertelt de fotografe. It doel is dat der letter in boek fan ferskynt. "Mooglik dat in skriuwer of in muzikant der noch in bydrage oan leverje kin, mar dat stiet noch iepen."

Earder makke Tryntsje Nauta in searje fan oranjekoeken. Dêr is in boek fan makke en it Fries Museum kocht wurk oan. Ek studinten fan de seefeartskoalle op Skylge portrettearre se yn har unifoarm. Yn 2013 krige se de Gerrit Bennerpriis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)