Wolvegeaster fan 15 hat in protte yllegaal swier fjoerwurk
De plysje hat op de sliepkeamer fan in 15-jierrige jonge út Wolvegea 300 nitraatbommen en in mortierbom fûn. De jonge waard op 'e died trappearre doe't hy it swiere fjoerwurk ôfstuts by in skoalle op It Hearrenfean.
Doe't de plysje by de jonge thús ûndersyk die, waard it ferbeane fjoerwurk op syn sliepkeamer fûn. In mortierbom is hiel swier fjoerwurk en mei allinnich troch professionals ôfstutsen wurde. It guod is yn beslach naam en sil ferneatige wurde. Tsjin de Wolvegeaster is proses-ferbaal opmakke.