Debutearjende Sisca Folkertsma baalt fan miste sjitkâns

30 nov 2016 - 13:31
Sisca Folkertsma

Fuotbalster Sisca Folkertsma fan Sleat sjocht mei mingde gefoelens werom op har debút by it Nederlânsk frouljusalvetal. Se mocht tiisdei tweintich minuten foar tiid ynfalle yn de oefenwedstriid tsjin Ingelân. De wedstriid gie mei 1-0 ferlern. Nettsjinsteande it einresultaat is de 19-jierrige oanfalster bliid mei har earste minuten foar de Oranjefroulju. Folkertsma krige yn de lêste minuten noch in sjitkâns, mar dy gie der net yn. "Ik baal echt fan dy kâns", sei se nei ôfrin.

Njonken Folkertsma spilen ek Sherida Spitse fan Snits en Loes Geurts fan Hichtum mei yn de oefenwedstriid tsjin de Ingelske froulju. Takom jier spylje de Oranjefroulju it Europeesk kampioenskip yn eigen lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)