Foks mei bejage wurde om greidefûgels te beskermjen

Greidefûgels krije yn de perioade oant 1 july 2017 mear beskerming. De provinsje Fryslân ferlient in ûntheffing sadat jagers yn Fryslân nachts de foks bejeie kinne. De jacht mei allinne yn de saneamde greidefûgelgebieten. Dat binne spesjale gebieten dêr't boeren mei each foar de greidefûgels buorkje. Mei dizze ûntheffing ha jagers tastimming om de foks te sjitten mei help fan in ljochtbak.
De ûntheffing is ferliend om foar te kommen dat in soad greidefûgelnêsten aanst leech binne.
Deputearre Johannes Kramer: "As greidefûgelprovinsje is it wichtich om noed te stean foar de steltrinners yn it greidelân. Dêr heart by om harren yn de briedperioade ekstra beskerming te jaan."