Wetterskip sieddet pear diken yn mei blommen

It Wetterskip Fryslân wol guon see- en binnendiken ynsiedzje mei blommen. It is ien fan de plannen fan it Wetterskip Fryslân foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. It doel is om de wetterkearings sichtber te meitsjen. It is ek goed foar de biodiversiteit en soarget foar bettere wenomstannichheden foar de bijen. Foar 2018 hat it Wetterskip twa lokaasje op it each: de âlde binnendyk by Surch en de Nije Biltdyk. Ek de polder by de âlde Himpensermar is geskikt foar oanklaaiing mei blommen.
De kommende tiid wol Wetterskip Fryslân ûndersykje oft it siedzjen fan blommen op seediken gefolgen hat foar de sterkte fan dy diken.