Fytserke (13) slim ferwûne
By Ryptsjerk is moandeitemoarn in jonkje op de fyts swierferwûne rekke. It 13-jierrige jonkje stuts de Westerdyk fan Gytsjerk nei Swarteweisein oer en waard skept troch in auto.
It slachtofferke is mei de traumahelikopter nei it Universitêr Medysk Sintrum oerflein. De plysje ûndersiket it ûngelok.