FIDEO: De earste streken op natueriis by Rotstergaast

30 nov 2016 - 12:28

It is alle jierren wer in striid, dy't losgiet sadree't it ferzen hat: wa set de earste streken op natueriis? Dizze kear wie it Albert Romkema fan It Hearrenfean. Hy ried woansdeitemoarn in koart stikje by Rotstergaast op in ûndjippe poel mei twa sintimeter iis. "Ik besocht it juster ek al even, mar doe koe it net. No kin it mar krekt," sa seit Romkema. Lang duorre de iiswille trouwens net, mar sa'n fyftich meter. Fanwegen it teiwaar moast er der gau wer ôf. En de kwaliteit fan it iis? "Dat wie poerbêst."

(Advertinsje)
(Advertinsje)