Groei yn Fryske hoareka bliuwt achter by lanlike sifers

30 nov 2016 - 12:24

De lanlike groei fan de omset yn de hoareka giet foar in grut part oan Fryslân foarby. Neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek hawwe hotels, snackbars en kafees yn it tredde fearnsjier fan dit jier 2,6 prosint mear omset draaid. Yn ferliking mei in jier lyn is de omset sels mei hast 9 prosint omheech gien. Mar Koninklijke Horeca Fryslân sjocht dizze positive sifers net werom yn de provinsje.

Elfstedentocht

Neffens Corné van de Erve fan Koninklijke Horeca Fryslân docht Fryslân it goed, mar is de sitewaasje net te ferlykjen mei de Rânestêd. "IJssalons doen het bijvoorbeeld heel goed, maar daar hebben we in Fryslân niet heel veel van. Het gaat sinds de crisis stapje voor stapje beter, er is meer werkgelegenheid en er zijn meer ondernemers. Door het toenemende consumentenvertrouwen geven mensen makkelijker geld uit. De natte horeca, waar alcohol verkocht wordt, heeft het lastig om de exploitatie op peil te houden. Een Elfstedentocht zou natuurlijk heel goed van pas komen, dan zitten alle hotels vol."

Trefwurden: 
hoareka omset
(Advertinsje)
(Advertinsje)